Diskusje oer Raadhuisplein
Tiisdeitejûn wurdt yn de gemeenteried fan Smellingerlân opnij praat oer de plannen foar it Raadhuisplein. De opposysjepartijen wolle in goeie finansjele ûnderbouwing fan it plan, no't dúdlik wurden is dat it trije kear sa djoer wurdt as earst tocht.
Foar de ûndernimmers en bewenners fan it riedhúsplein betsjut it noch mear ûnwissens oer de takomst. Se sitte al jierren yn in bouput en binne der eins wol klear mei.
Trefwurden:
argyf