Oerlêst troch frachtwein

02 nov 2010 - 15:41

In kantele frachtwein hat tiisdeitemoarn oerenlang foar oerlêst soarge op de Snitsertrekwei yn Ljouwert. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de frachtwein dy't laden wie mei âld izer neist de dyk. Om de wein wer oerein te krijen waard de dyk tusken healwei tsienen en healwei ienen ôfsluten foar it ferkear.

De 40-jierrige sjauffeur út Snits hie wat lêst fan de fuotten en is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)