Man rydt yn op sânbult

02 nov 2010 - 10:10

In man fan 79 jier is moandei yn Boijl mei syn auto yn in sânbult riden. It sân lei op de Brink, omdat dêr oan de dyk wurke wurdt. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Omdat it fermoeden bestie dat er mei tefolle drank op riden hie, is in bloedproef dien. De man is syn rydbewiis ek kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)