Man ferwûne op Wâldwei

02 nov 2010 - 09:54

In man út Hoogezand is moandei op de Wâldwei by Garyp ferwûne rekke by in ûngelok. De man wie mei syn auto yn de berm rekke en ferlear doe de macht oer it stjoer.

De auto begûn te draaien en botste tsjin pealtsjes en boskjes oan. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Syn auto rekke swier skansearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)