Jong Hearrenfean flink ûnderút

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean/Emmen ferlear moandei mei mar leafst 5-0 fan koprinner Jong PSV. Op de Herdgang yn Eindhoven wie it fjildspul fan de Feansters net folle minder, mar Jong PSV wie yn de ôfwurking folle tûker. By it skoft wie it al 3-0.
Michal Svec spile nei syn blessuere ien helte mei. Ek Daryl Janmaat, Michal Papadopulos, Filip Djuricic, Igor Djuric, Tarik Elyounoussi, Luciano Narsingh en Philip Haglund kamen foar Jong Hearrenfean yn aksje.