Wat is de bêste MKB-gemeente?

Undernimmers yn Noard-Nederlân wurde oproppen om de bêste gemeente foar it midden- en lytsbedriuw te kiezen.
MKB-Nederlân wol mei de wedstriid de gemeenten noch mear oantrune om har bêst te dwaan foar in goed ûndernimmersklimaat. Dêrby spylje saken mei lykas: hoe klantfreonlik is in gemeente, hoe flot wurdt der betelle en weagje lokale belestingen wol op tsjin wat de gemeente dêrfoar werom docht.