NOS folget gemeente Ljouwert

De NOS folget de kommende moannen de gemeente Ljouwert as dy dwaande is it húshâldboekje wer op oarder te krijen. Lykas alle gemeenten moat ek Ljouwert de kommende jierren flink besunigje en dat betsjut dat der snijd wurde moat yn de foarsjennings en yn de eigen organisaasje.
Ljouwert moat de kommende fjouwer jier 12 miljoen euro besunigje. Dat sil benammen dien wurde yn de soarch, it ûnderwiis en de kultuer.