Ljouwerter jonge wer teplak

01 nov 2010 - 19:45
Foto: Omrop Fryslân

De 15-jierrige Maurice Homma út Ljouwert is wer teplak. Hy waard sûnt freedtejûn fermist. De jonge wie lulk fuortrûn út it Cambuurstadion, dêr't er mei syn mem wie. Sneon is socht nei de jonge en der is twa kear in melding útgien op boargernet.

Nei tips hat de plysje de jonge moandei úteinlik fûn by kennissen. Hy is werombrocht nei syn mem.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)