Nije wurkwize Vitens mei iis

Wetterliedingbedriuw Vitens stjoert woansdei yn Goutum wetter mei stikjes iis troch de liedings. It giet om in eksperimint om de liedings skjin te krijen. De metoade komt út Ingelân. Eins wurket it krekt as in gletsjer dy't oer de grûn skrabet.
Oant no ta wurde de liedings foaral skjinmakke troch der hiel hurd wetter troch hinne te jeien. Vitens ferwachtet net dat de minsken yn Goutum der mear fan fernimme as by in normale skjinmakproseduere.