Nij Smellinghe bêste sikehûs

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten
Sikehûs Nij Smellinghe fan Drachten is it bêste sikehûs fan Nederlân. Dat seit Dr. Yep, in jiergids foar minsken yn de sûnenssoarch. Meiwurkers fan it blêd hawwe sjoen nei de algemiene prestaasje fan in sikehûs.
Neffens John Lebbink fan Dr. Yep jout har ûndersyk in goed byld fan 'e kwaliteit fan 'e soarch. Lebbink is goed te sprekken oer de kwaliteit fan de Nederlânske sikehuzen. It MCL yn Ljouwert stiet op it achtste plak yn de top 10 fan Dr. Yep.