SP: aktiver wurde yn Fryslân

01 nov 2010 - 16:45

It lanlike bestjoer fan de SP sil him mear bemuoie mei de ôfdielings yn Fryslân. Se dogge dat fanwege de problemen yn de Fryske SP. Yn in pear moannen tiid is de SP hast de helte fan de riedsleden kwytrekke.

De measten stapten oer nei de nije partij Feriene Lofts, oprjochte troch âld-SP'ers. It lanlik partijbestjoer wol dy trend keare en set de oanfal yn. Dat seit Jos van der Horst, de beëage listlûker foar de SP by de kommende steateferkiezings fan maart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)