Bedriuw Capilix wint priis

01 nov 2010 - 12:26

It Ljouwerter bedriuw Capilix hat in wichtige priis wûn foar it ûntwikkeljen fan sensortechnology foar de wettermerk. De ynnovative priis is ynsteld troch it ynternasjonale marketingbedriuw Frost & Sullivan en wurdt op 1 desimber yn Londen útrikt oan Capilix.

It bedriuw hat twa jier hurd wurke om de sensoaren op in yndustriële wize te ûntwikkeljen. It binnenheljen fan de priis wurdt sjoen as in stik erkenning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)