Kabelrol stellen yn Ljouwert

01 nov 2010 - 10:21

In 38-jierrige man hat sneintemiddei in kabelrol stellen op it Saailân yn Ljouwert. Tsjûgen hiene dit sjoen en fytsten achter de fertochte oan.

Yntusken wie de plysje belle. Dy koe de man op it parkearterrein by it WTC/Expo oan de Heliconwei oanhâlde. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)