Strjitrôf op 'e Foarstreek

01 nov 2010 - 10:01

Op de Foarstreek yn Ljouwert hat sneintejûn in berôving mei geweld plakfûn. In 52-jierrige ynwenster fan de haadstêd waard ynhelle troch in man en dy luts har de tas út de hannen.

De fertochte ferdwûn dêrnei yn de rjochting fan de Wortelhaven. It giet om in man fan Afrikaanske of Antilliaanske komôf. Hy is sa'n 1 meter 85 grut en hie in swarte jas oan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)