Mei 150 km oer de Skieding
In 20-jierrige ynwenner fan Utert moast sneintemiddei by Surhústerfean syn rydbewiis ynleverje. De man ried mei 150 kilometer de oere oer de Skieding, wylst dêr mar 80 kilometer de oere tastien is.
Nei it opmeitsjen fan in proses-ferbaal op it plysjeburo mocht de man wer gean.