Nederlân wint EK kuorbaljen

31 okt 2010 - 17:15

De Nederlânske kuorbalploech is yn Rotterdam foar de fjirde kear Europeesk kampioen wurden. Yn Ahoy waard mei 25-21 wûn fan België. Yn de earste helte koe België de Nederlânske ploech noch wol folgje. By it skoft wie de stân 15-12.

Yn de twadde helte kaam de Belgyske ploech werom oant 16-15. Dêrnei kamen se der net mear oan te pas. Nederlân rûn binnen inkele minuten út nei 21-16. It waard úteinlik 25-21.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)