FVC wint mei 3-0 fan NEC

31 okt 2010 - 16:19

Sneinshaadklasser FVC wûn snein op eigen fjild mei 3-0 fan NEC út Nijmegen. Yn de 26ste minút wie it René Hoen dy't de Ljouwerters op in 1-0 foarsprong sette troch in frije traap te fersulverjen. Sawol yn de earste as yn de twadde helte wie NEC technysk de bettere ploech. De 17-jierrige Wesley Tankink makke foar FVC de 2e, Sander Seinstra de 3e goal.

Snits Wyt Swart koe wer net winne. Yn Meppel waard mei 2-1 ferlern fan Alcides.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)