Smoardrok by wetterproefkes

Bern yn it Wetenswaterhuis
It Wetenswaterhuis yn it natuermuseum yn Ljouwert hat dizze hjerstfakânsje mear as 8000 besikers lutsen. Safolle besikers hat it natuermuseum yn in fakânsjewike noch nea lutsen.
Topdei wie de tongersdei, doe't der mear as 2000 besikers kamen. It Wetenswaterhuis wie bedoeld foar bern fan 7 oant 15 jier, mar ek de âlden wiene entûsjast. Se koene fan alles leare oer wetter, se koene proefkes dwaan, wetter priuwe en sjen wat der yn en om it wetter libbet.