Maklike oerwinning Aris
De Friesland Aris hat de twadde oerwinning fan dizze wike binnen. Nei de winst op Leiden waard sneon Rotterdam ienfâldich mei 95-73 ferslein. Rotterdam, de nûmer lêst fan de basketbal league, kaam nei it earste kwart (23-17) noch ien kear tichtby (23-22), mar dêrnei wie Aris baas op de flier fan It Kealledykje.
Under oanfiering fan Todd Brown (25 punten) en Mark Sanchez (22 punten), waard Rotterdam op grutte efterstân setten.
Trefwurden:
argyf