Man slim ferwûne troch hynder

© Omrop Fryslân
In 67-jierrige man fan Twizelerheide is slim ferwûne rekke troch in hynder dat op 'e rin slein wie. De man stie tsjin in stek oan fan in hynstebak oan de Fryske strjitwei yn Grins.
It hynder yn de bak sloech ynienen op 'e rin en raamde it stek dêr't it slachtoffer tsjinoan stie. It stek foel dêrtroch nei achteren en de man foel dêrby op de achterholle. De man is oerbrocht nei in sikehûs yn Grins.