De Pein: 15.000 krokusbollen

It plantsjen fan 12.000 krokusbollen lâns it kanaal
It mei wolris wat fleuriger wurde by it kanaal. Dat fynt doarpsbelang fan De Pein en sadwaande binne der sneon 15.000 krokusbollen de grûn yngien.
Sa'n 35 doarpsbewenners stopje dy tûzenen bollen ien foar ien yn 'e grûn. Sadat de 500 meter lange Kanaalsloane takom maitiid in stik fleuriger liket. Watfoar kleur de krokussen hawwe is noch in ferrassing. Dat wurdt pas tsjin de krokusfakânsje dúdlik.