Ruten ynslein mei kneppel

30 okt 2010 - 13:50

Yn Lippenhuzen hat de plysje in 29-jierrige man fan De Gordyk oanhâlden op fertinking fan it ynslaan fan in tal ruten fan in wenning oan De Buorren. De man hie mei in honkbalkneppel in tal ruten ynslein.

De fertochte wie troch de bewenner fan it hús oanhâlden en waard oerdroegen oan de plysje, dy't him meinommen hat nei it buro. De reden fan de fernielerij lei yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)