Ljouwerter(32) skelt plysje út

De plysje hat freedtenacht in Ljouwerter (32) oanhâlden, omdat hy de plysje misledige. De plysje seach de man yn in portyk oan de Ljouwerter Grutte Heechstrjitte lizzen. Neidat in portier fan in kafee de man oerein holpen hie, waard de man hiel ferfelend tsjin dy portier.
De plysje stjoerde de man dêrop in tal kearen fuort. Doe't de man lang om let yn in taksy stapte skold hy de plysjeminsken út. Hy waard dêrom meinommen nei it buro foar ferhoar.