Auto lansearre by Sibrandahûs

De auto yn 'e greide by Sibrandahûs (foto: Anton Kappers, Nieuwsuitfriesland.nl)
By Sibrandahûs is op de krusing fan de Burdaarderstrjitwei en de Trekwei fannacht in auto lansearre en tsientallen meters fierderop yn in stik greide bedarre. De bestjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt.
De helptsjinsten kamen der massaal op ôf, mar hoegden net yn aksje te kommen. Op it plysjeburo die bliken dat de bestjoerder, in Dokkumer (19), tefolle dronken hie. Hy hie 4 moanne syn rydbewiis, mar is dat no wer kwyt.