WK-brûns De Vries en Kamminga

© Omrop Fryslân
Op it WK skeelerjen yn Kolombia hawwe de Nederlânske froulju in brûnzen medalje helle op de ôflossingskoers. Twa Friezinnen, Elma de Vries (earder fan De Haule) en Manon Kamminga fan Haulerwyk makken diel út fan de ploech. Bianca Roosenboom makke it ôflossingstrio folslein.
It goud gie nei Kolombia en it sulver wie foar Argentinië. Elma de Vries naam de lêste ronde foar har rekken en kaam úteinlik in heal skeelertsjil te koart foar it twadde plak.