Himp op souder yn Frjentsjer

29 okt 2010 - 21:37

De plysje hat freed in 31-jierrige man oanhâlden foar it kweken fan himp yn syn wente oan De Klipper yn Frjentsjer. De plysje wie de man troch anonime tips op it spoar kommen.

Op 'e souder fan de wente hie de man twa tinten stean dêr't er de himp makke. Yn de tinten fûn de plysje resten fan 'e planten. De plysje fûn ek in kilo himptoppen. De plysje hat de man meinommen nei it plysjeburo. De himp en de apparatuer waard yn beslach naam, de auto en in laptop ek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)