Jans: 'Klup hat noch potinsje

Hearrenfean-trainer Ron Jans
'De klup hat noch hieltyd in soad potinsje', sa seit Hearrenfean-trainer Ron Jans as reaksje op it 14,9 miljoen euro ferlies fan de klup. Tongersdei waard bekend dat de spilersgroep te grut is en dat te spilerssalarissen te heech binne.
Neffens Jans wurdt der binnen de seleksje net oer praat. Jans fynt net dat de seleksje te grut is, mar dat der te folle goeie en djoere spilers op de tribune plaknimme moatte.