Nije doarpswinkel yn Aldskoat
Aldskoat krijt yn desimber in nije doarpswinkel. De ûndernimming is in inisjatyf fan pleatslik belang Aldskoat. Yn de winkel kinne ynwenners mei in útkearing of in beheining oan it wurk, om sa ûnderfining op te dwaan.
In spesjale stifting sil de saak eksploitearje. Nije wike tongersdei sil wethâlder Hartsuiker fan de gemeente Hearrenfean it startsein foar de winkelplannen jaan.