Jans feroaret neat

29 okt 2010 - 12:33

Hearrenfean-trainer Ron Jans feroaret neat yn de opstelling foar de wedstriid tsjin Excelsior yn fergeliking mei ôfrûne woansdei tsjin Ajax.

Hearrenfean trainde yn oanrin nei de wedstriid op it fernijde keunstgersfjild op trainingskompleks Skoatterwâld. Excelsior spilet ek op keunstgers. Middenfjilder Michal Svec is noch hieltyd blesseard en sil pas moandei wer meispylje mei de beloften.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)