Strjitrôf op 'e Emmakade

In 22-jierrige frou út Ljouwert is tongersdeitenacht yn har wenplak oerfallen en bestellen. De frou rûn oer de Emmakade doe't in ûnbekende man ynienen oan har tas skuorde en har skopte. Hy slagge der yn om de tas fan har ôf te pakken en naaide doe út.
De plysje gie fuortendaliks op syk, ûnder oare mei meldingen op Burgernet en op Twitter. Minsken reagearren dêr wol op, mar de plysje hat de dieder dochs noch net fine kinnen.