Marsum wol nei Hege Rie

29 okt 2010 - 10:23

Marsum freget de ynwenners om jild te stoarten foar in saak by de Hege Rie. Dy soe in útspraak dwaan moatte yn it skeel tusken it doarpshûs en de belestingtsjinst. Dy fynt dat it doarpshûs it hege belestingtaryf betelje moat oer in skinking, wylst de tsjerke yn it doarp dat net hoecht.

It doarpshûs gie earder yn berop mar ferlear dat. De iennichste mooglikheid is no in saak by de Hege Rie. It doarp hopet dy no betelje te kinnen mei bydragen fan de ynwenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)