Frou Jobbegea thús bestellen

In frou (72) yn Jobbegea is tongersdei troch twa froulju by har thús bestellen fan in tal sieraden. De twa froulju bellen by de frou oan by har hûs oan de Ericaleane. Se fregen har oft se in nûmer hie fan in leadjitter, omdat se wetteroerlêst hiene.
Ien fan de froulju gie mei it slachtoffer yn hûs. Wylst se sochten om in telefoannûmer, is de oare frou nei alle gedachten nei boppen gien en hat dêr laden en kasten trochsocht. De plysje is op syk nei tsjûgen.