Gjin UMTS-mêst yn Stynsgea
Der komt net in UMTS-mêst ticht by de kearn fan Stynsgea. De gemeente sil der by KPN op oantrune in oare lokaasje te sykjen. Dat hat de ried fan Achtkarspelen tongersdei besletten.
Der wie bot ferset tsjin de komst fan de mêst. Omwenners makken har soargen oer de sûnensrisiko's. Der waarden 56 beswierskriften yntsjinne.