Ljouwerter SP-er stapt op
De fraksjefoarsitter fan de SP yn Ljouwert stapt út de partij. Hendrika Zoodsma stapt oer nei de nije partij Feriene Lofts. Dy is opset troch âld SP-ers dy't it net iens binne mei de ynterne wurkwize fan de SP. Zoodsma stiet har sit net ôf oan de SP, mar bliuwt sitten foar Feriene Lofts. De SP hâldt ien sit oer yn Ljouwert.
Earder stapten twa fan de fjouwer Fryske SP-steateleden en twa fan de trije SP-riedsleden út Snits oer nei de nije partij.
Trefwurden:
argyf