Arts wol haadtrainer bliuwe

28 okt 2010 - 14:08

Alfons Arts hat de ambysje om haadtrainer te bliuwen by Sportklup Cambuur. Arts nimt foarearst de taken oer fan de opstapte Stanley Menzo, mar hopet op termyn dy rol ek yn te foljen. 'Ik heb mijn diploma Coach Betaald Voetbal niet gehaald om boven mijn bed te hangen', sa lit Arts witte.

Foar takom seizoen hat Cambuur Henk de Jong al fêstlein as trainer, mar dy beskikt net oer de goeie papieren om as haadtrainer oan it wurk te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)