Boeren wolle duorsum wurkje

28 okt 2010 - 12:05

Trijekwart fan de boeren yn Súdeast Fryslân wol graach mear duorsum wurkje. Bygelyks troch suniger mei wetter en enerzjy om te gean. Dat docht bliken út in enkête fan Elan. Dit is in gearwurking fan seis agraryske natuerferienings.

Dat de boeren mear duorsum wurkje wolle, betsjut net dat se der sels in hiel soad enerzjy ynstekke wolle. Yn it ûndersyk jouwe se oan dat soks foaral mienskiplik regele wurde moat. En dat sil no ek barre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)