Kafetaria It Amelân de bêste

© Omrop Fryslân
Kafetaria Plaza 't Kruuspunt op It Amelân is it bêste kafetaria fan Fryslân. It kafetaria yn Ballum stiet op plak 8 yn de lanlike Kafetaria Top 100. Dit is in ûnôfhinklike ranglist fan topkafetaria's, gearstald troch in fakblêd. Der stean noch fjouwer Fryske kafetaria's yn de top 100.
It giet om Snackpoint De Canterlanden út Gytsjerk, Kwalitaria 'd Alde Boek út Droegeham, Lunchroom-vistaria De Leckerbeck út Dokkum en AnyTyme De Dikke Draai yn Surhústerfean.