Takomst Excelsior noch ûnwis

Brassband Excelsior
Brassband Excelsior fan Feanwâldsterwâl wurdt foarearst net opheft. Dizze simmer waard de needklok let. It oantal leden is de ôfrûne jierren bot weromrûn, wêrtroch de ynkomsten ek minder wurden binne.
Yntusken binne der twa nije leden bykommen, wêrtroch de band noch oant desimber jild hat. Mochten der de kommende wiken gjin leden bykomme, dan kin de brassband net oars as de stekker derút lûke. Excelsior is ien fan de âldste brassbands fan Fryslân.