Tsjûge socht fan oanriding hûn
De plysje siket in frou yn in Opel, dy't woansdei belutsen wie by in oanriding mei in hûn. Dat wie op de Stasjonstrjitte yn Sint Nyk. Troch noch ûnbekende oarsaak rûn de hûn samar de dyk op en waard oanriden.
De frou stoppe, mar doe't se seach dat it bist dea wie, ried se wer troch. De plysje wol noch graach witte wa't it wie.