Opnames Fryske Harkers Hit

Yn de studio fan Omrop Fryslân wurdt tongersdei de Fryske Harkers Hit opnaam. Al sûnt moandei is ferslachjouwer Roelof Lousma dwaande mei sjonger Sipke de Boer om in Frysk nûmer te skriuwen foar de radiorubryk De Hitfabryk. Sy krigen dêrby help fan harkers fan Omrop Fryslân.
Woansdei wiene de audysjes foar de sjongers en muzikanten. De opnames binne tongersdei live te folgjen fia de ferskate radioprogramma's by de Omrop.