Kafee 't Houtsje wer iepen

Kafee 't Houtsje op It Hearrenfean is wer iepen. Ferline jier baarnde it reedriderskafee folslein ôf. Op it âlde plak is no wer in nij kafee kaam.
Yn de âlde kroech wiene in soad reedridersmemorabilia en dy binne allegearre ferlern gien. Yntusken hawwe minsken al wer ferskate nije reedriderssaken brocht. Ek hingje der krekt as fan âlds wer tsientallen houten redens oan it plafond. It kafee kin dêrom ek wer mei rjocht de namme 't Houtsje hawwe.