Ferlies Hearrenfean yn Arena

El Hamdaoui yn duel mei Philip Haglund (foto: Martin de Jong)
SC Hearrenfean hat woansdei mei 3-1 ferlern yn Amsterdam fan Ajax. Grutte man by de thúsploech wie Mounir El Hamdaoui. De Marokkaan makke yn de alfde minút mei in prachtige lob de 1-0. Bas Dost soarge op oanjaan fan Roy Beerens yn de 24ste minút foar de 1-1.
Troch opnij El Hamdaoui, krekt nei it skoft mei in geweldige knal, waard it 2-1. De ploech fan Ron Jans besocht it wol, mar in better Ajax krige de bêste kânsen. Nei in pear ballen op de latte, makke Anita de beslissende 3-1.