Boys: De Jong kin no net fuort

27 okt 2010 - 15:09

SC Cambuur wol dat trainer Henk de Jong gau begjint by de klup, no't Menzo fuortgiet. De Jong soe 1 jannewaris 2011 komme kinne.

Harkemase Boys, de klup dêr't Henk de Jong no trainer is, tinkt dat dat net slagget. Foarsitter Spinder fynt it wurkjen foar beide klups te dreech. Harkemase Boys moat yn de topklasse bliuwe en dêr is De Jong in belangrike skeakel yn. Harkemase Boys seit nee tsjin in oergong fan De Jong yn it rinnende fuotbalseizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)