Lêste Strontraceskip siet fêst

De lêste dielnimmer oan de Strontrace is noch wol oant tongersdeitemoarn ûnderweis. De Willem Jacob hat in nacht lang fêst sitten op in sânbank en koe pas woansdei ein fan de moarn oan de weromreis begjinne.
De earste dielnimmer fan de race fan Warkum nei Warmond en werom wie woansdeitemoarn binnen. Troch de geunstige súdwestewyn koe De Swanneblom fan Age Veldboom yn rekôrtempo de Iselmar oerstekke.