Ysbrechtum mist jeugdkeet

27 okt 2010 - 14:53

De jeugd fan Ysbrechtum sit mei de hannen yn it hier no't har keet moandeitenacht ôfbaarnde. Al goed 20 jier sieten de jongeren dêr ta tefredenheid fan de doarpsbewenners en de gemeente. Nei fiif generaasjes keetjeugd moat der gau in oplossing komme, want mear as de keet is der net foar de jongerein.

De jongeren witte net wat se no moatte. Se kinne wol rekkenje op stipe fan it doarp, want dy sjogge wol yn dat de keet belangryk wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)