Pastorale soarch foar boeren

Fryske boeren dy't pastorale soarch nedich ha, kinne digitaal help krije. Op de www.kerkenlandbouw.nl kinne se ynformaasje sykje. De webside is ek gaadlik foar dûmnys en âlderlingen dy't mear witte wolle oer de problemen yn de agraryske sektor.
De webside is in inisjatyf fan de Wurkgroep Kerken & Landbouw Fryslân. Dy is ûntstien yn de tiid dat de feroarings yn de lânbou foar in soad spanningen soargen yn de agraryske gesinnen.