'Digitale argyf yn gefaar'

De digitalisaasje fan de argiven fan Tresoar komt yn gefaar troch besunigings fan it ryk. Dat stelt direkteur Bert Looper. Der komt ek minder jild beskikber foar it organisearjen fan grutte publykseveneminten. Foar Tresoar skeelt it in heal miljoen euro.
It nije kabinet hat oankundige dat de regionale argiven in fjirde fan de subsydzje ynleverje moatte, wylst itselde nije regear stelt it erfgoed sparje te wollen.