Jonge Harnzers oppakt

27 okt 2010 - 10:56

De plysje hat tiisdeitejûn yn Harns twa jonges oanhâlden dy't stellen guod by har hiene. It giet om jonges fan 17 en 18 jier âld. Dy foelen de plysje op om't se op in brommer rieden sûnder ljocht.

Doe't se oanhâlden waarden, naaide de 18-jierrige jonge út. Dêrby liet er in tas mei dêryn it stellen guod falle. De jonge koe letter noch oanhâlden wurde. Beide binne fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)