Mishannele nei mislearre rôf

27 okt 2010 - 10:33

In ynwenner (34) fan Ljouwert is tiisdeitenacht oerfallen yn syn wenplak. De man waard op strjitte, Veldbies, oansprutsen troch in ûnbekende man. Hy easke jild fan him. Doe't de Ljouwerter dat net by him hie, waard er yn it gesicht slein. Dênei naaide de dieder út yn de rjochting fan de Aldlânsdyk.

De plysje is noch op syk nei him en freget tsjûgen har te melden. It wie in donkere man, tusken de 30 en 40. mei in donkere jas en in reade mûtse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)