Warskôging foar 'skimmers'

De plysje hat de lêste wiken wer in tal meldings fan skimming krigen. By skimming wurde de gegevens fan in bankpas kopieard en wurdt jild fan de rekken ôfhelle.
By in tankstasjon yn Surhústerfean is in bankpas fan in bedriuw út Tytsjerk skimd en by in tankstasjon yn Hilaard wie in man út Hurdegaryp it slachtoffer. Yn beide gefallen binne de dagen dêrnei bedraggen fan de bankrekkens ôfskreaun, sawol yn Nederlân as yn Europa.